Fioele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 16:
Om ende by 1780 begjint men yn Parys de bou te feroarjen: men wol mear folume hawwe, dus moat de spanning fan 'e snaren heger wurde. Om dy reden begjint men de hals en de toets langer te meitsjen en set de hals yn in lichte hoeke tsjin de kast oan. Ek begjint men de hals yn te litten yn it boppeste halskloske, sadat de hals mear spanning hawwe kin. Under it boppeblêd siet fan âlds de sjongbalke, in balkje fan sa'n 23 cm lang, om ende by 7 mm dik en sa'n 8 mm heech; dizze sjongbalke makket it boppeblêd sterker en ferspriedt it lûd oer it boppeblêd. Dizze sjongbalke waard no langer makke, oant 27 cm ta, dikker en heger, wol oan 12 mm ta. De toets waard no ek makke fan ebbehout, sûnder wigge. De kaam waard ek wat heger makke. Troch dizze feroarings klonken de fioelen lûder en koene de nije iepenbiere konsertsealen better bespylje. Sa'n fioele neamt men in "oergongsfioele".
 
Nei 1800 wurdt de hals wat heger boppe de klankkast setten, sadat de toets en de kaam ek wat heger wurde en men begjint ek mear te eksperimentearjen mei snaremateriaal. Sa wurdt de fioele hjoedtedei noch boud. Alle âlde ynstruminten út de 17de en 18de iuw dy 't de muoite wurdich wiene, binne op dizze wize ferboud en oanpast: de hals waard langer makke wêrby' t de âlde krol wer oan 'e nije hals setten waard: de krul foarmet ommers ek de hantekening fan 'e bouwer.
Sa is it ynstrumint wêzenlik fan karakter feroare, in Stradivari klinkt dus oars as yn de tiid fan Stradivari sels. Hjoed-de-dei wurde der ek wer fioelen boud mei de barokke foarm en sa kin men dus sizze dat sa'n nije barokfioele klinkt as in âld ynstrumint en it âlde ynstrumint dat feroare is, as in nij ynstrumint.