Leersum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; kepp
L st
Rigel 21:
* Yn 1905 liet rintmaster H.G. van Dam in stik heide ûntginne en bosk oanplantsje. By de yngong fan it terrein (Lombok) waarden fjouwer sierpeallen setten, dy't yn 2003 n orizjinele steat weromsetten binne.
* Op it heechste punt fan de Lombokbosk waard in útsjochtoer boud "Piramide Lombok", mei op de fjouwer punten ûlen, letter krige hy syn namme Uletoer. Yn 1926 waard dizze ûletoer eigendom fan de gemeente. De jierlikse ûletoerloop (dêr't in soad Leersummers oan meidogge), krige hjirtroch syn namme.
* Tusken Amerongen en Leersum leit kastiel Zuylestein. Begjin 17e iuw wie dit kastiel yn hannen fan de famylje Godard van Reede. Yn 1630 waard it kocht troch steedhâlder Frederik Hendrik, dy' t yn 1632 de [[Hearlikheid Leersum]] as rjochtsgebiet derby krijt. Fan it oarspronklike kastiel binne allinnich noch it âlde poartegebou, de oranjery, it boartershûs en inkele tsjinstwenningen stean bleaun. De rest waard yn 1945 by fersin troch de alliearden fernield. It hjoeddeiske kastiel waard om 1980 as in kopy werboud.
* Njonken de âlde Herfoarme Tsjerke út ± 1500 stiet de herberch "King William" (út ± 1690). Steedhâlder-kening Willem III soe hjit útfanhuze hawwe yn 1697, doe't hy syn freon net thús trof op kastiel Zuylestein. It waard oarspronklik as gerjochthûs boud.
* Nei jierrenlange diskusje oer in [[gemeentlike weryndieling]], komt der fanút Deputearre Steaten fan Utert yn april 2004 in konkreet foarstel ta gearfoeging fan de gemeenten Leersum, [[Maarn]], [[Amerongen]], [[Driebergen]] en [[Doorn (Utert)|Doorn]] ta ien nije gemeente. Leersum stimt (nei in opinyûndersyk ûnder de befolking) as ienige gemeente tsjin dizze plannen. Dochs wurdt der úteinlik op 13 septimber 2005 troch de Earste Keamer besluten ta weryndieling. De gemeente Leersum hâldt dêrmei per 1 jannewaris 2006 op te bestean.