Ferskil tusken ferzjes fan "Hans Falck fan Neurenberch"

L
st
L
L (st)
 
 
=== Yn Ruslân ===
Yn Ruslân wie er bekend as '''Ivan Falk''' of '''Johann Falk'''. Hy kaam yn 1634/1635 yn tsjinst fan tsaar [[Michail Fjodorovitsj Romanov]] (tsaar fan 1613 - [[13 july]] [[1645]]). Hans Falck wurdt lykwols it earst yn histoaryske dokuminten neamd yn 1627(!) as ambachtsman by de Moskouske Kanonne Wurkpleats. Fan dat jier ôf oant de lette 50er jierren fan de 17e iuw, wurdt er beskôge as de wichtichste klok- en kanonnemakker út Moskou. Falck hie in offisjeel salaris en krige dêrneist ien kear yn 't jier in ‘jefte fan de tsaar’. Hy krige in stiennen wurkpleats wylst de oare metaaljitters it mei in houtenien dwaan moasten. Hans Falk wenne by de hûshâlding fan ''Knjaz'' (prins) Michail Kozlovsky yn de Rozhdestvenskaja Strjitte. Yn april 1641 die er it fersyk oan de tsaar, at dy him net fan in eigen hûshâlding foarsjen koe. Dat soe rillegau barre.
 
De Dútske gelearde en diplomaat [[Adam Olearius]], dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamt Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betûft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck by steat wie en fabrisearje kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene. Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
11.717

bewurkings