Peter Lely: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 8:
Nei de eksekúsje fan Karel hat er syn karriêre dochs fuortsette kind, en skildere er [[Oliver Cromwell]], ("mei warten en al") en ek [[Richard Cromwell]]. De dichter Sir [[Richard Lovelace]] skreau yn dy peroade twa gedichten oer Lely, ''Peinture'' en ''See what a clouded majesty....''
 
Nei de restauraasje fan it keningshûs waard Lely yn [[1661]] troch [[Karel II fan Ingelân|Karel II]] beneamd ta hofskilder mei in talage fan £200 yn 't jier. Lely waard in naturalisearre Ingelsk ûnderdaan yn 1662.
 
Lely en syn studio wiene tige produktyf. Bekend is de rige fan 10 portretten fan dames fan it keninklik hof, dy't as de "Beauties of Windsor" bekend steane, en in searje fan 12 admiraals en kapteins dy't yn de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]] fjochten, en dy't no bekend binne as de "Flagmen of Lowestoft".