Noard-Nederlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎It GNN: [[]] better
Rigel 3:
 
==It GNN==
It doel fan it GNN is om 'e [[ekonomy]]ske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn [[2013]] waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota ''Noordervisie2040''. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn [[De Haach]] en de [[Jeropeeske Uny]] yn [[Brussel]]. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden [[Grins (gemeente)|Grins]], [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]], [[Assen (gemeente)|Assen]] en [[Emmen (gemeente)|Emmen]].
 
As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde ''Gebiedsagenda Noord-Nederland'', dy't datearret út [[2009]]. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn [[2014]] noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt [[2010]] in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.