Ferskil tusken ferzjes fan "Irminsul"

1 byte grutter ,  6 moannen lyn
L
st
L
L (st)
De '''Irminsul''' wie eartiids in wichtich [[hillichdom]] fan de [[Saksen (folk)|Saksen]], in [[Germanen|Germaansk]] folk dat yn it noarden fan [[Dútslân]] wenne. [[Karel de Grutte]] ferneatige de Irminsul yn syn kriich tsjin de Saksen.
 
It hillichdom wurdt neamd en yn 't koart omskreaun yn de ''[[Keninklike Frankyske Annalen|Annales regni Francorum]]'', de ''Translatio St. Alexandri'' fan [[Rudolf fan Fulda]] en yn de ''[[Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum]]'' (Boek I, haadstik 8) fan [[Adam fan Bremen]]. Yn dy boarnen wurdt de Irminsul omskreaun as in grutte, oprjochte houten stamme dy't neffens de Saksen de hiele wrâld stipe.
 
De Irminsul wurdt wol ferlike mei [[Yggdrasil]]-beam út [[Noarske mytology]]: de wrâldbeam dy't syn woartels yn de ûnderwrâld hat en mei syn tûken it dak fan de wrâld steunt. Neffens Rudolf fan Fulda en Adam fan Bremen moat Irminsul oerset wurde as “al-pylder” (Latyn: columna univeralis), omdat it 'alles steunt', mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei (net oerlevere) Germaanske god Hirmin of Irmin.
11.717

bewurkings