Jakobus Arminius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 15:
 
== Teology en polityk ==
Arminius syn teology wike ûnder oaren ôf op it punt fan [[predestinaasje]], de [[frije wil]] en de [[erfsûnde]] fan it tsjerklik-kalvinistysk beliden sa't dat fêstlein wie yn de [[Nederlânske Belidenis]] en de [[Heidelberchske Kategismus]]. Hy is de grûnlizzer fan it [[Remonstranten|Arminianisme]], yn it earstoan in streaming yn de Nasjonaal Grifformearde tsjerke dy't stribbe nei oanpassing fan de belidenis. Nei syn dea kamen de neifolgers fan Arminius yn 1610 mei in ferwarskrift of ''''remonstrantie'''' dat yn wêzen de faak as de mei [[fiif artikelen fan de remonstranten]] oantsjutte ferdigening befette. Nei de Synoade fan Doardt yn 1618-1619, dêr't it arminianisme feroardield en ôfwiisd waard, hawwe de neifolgers fan Arminius de [[Remonstranten|Remonstrantske bruorskip]] stifte. Dat wie net de bedoeling fan Arminius, noch fan de remonstranten yn 't earstoan. Hja hiene yn de tsjerke geastlike romte foar Arminius' tinzen hawwe wold. It lear-konflikt tusken Arminius en Gomarus en harren respektivelike oanhingers late úteinlik ek ta in polityk konflikt wêrby't om de ferhâlding tusken tsjerke en oerheid gie, in tige gefoelige kwestje yn de [[17e iuw]]. Yn dy relaasje (tsjerke en steat) wie [[Johan van Oldenbarnevelt]], hoewol persoanlik gjin oanhinger fan de teologyske ideeën fan Arminius en ek gjin partijgonger fan Arminius (wat faak wol tocht wurdt), fan betinken dat der yn de tsjerke romte wêze moast foar ferskillende opfettings. Prins [[Maurits fan Oranje|Maurits]] wie lykwols fan oardiel dat de lânstsjerke kalvinistysk hearde te wêzen. Lang om let is dit skeel oer de fyzje op de tsjerke en har ferhâlding mei de steat yn de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] ien fan de faktoaren west dy't laat hawwe ta de politike ûndergong en de eksekúsje fan [[Johan van Oldenbarnevelt]]. De Synoade fan Doardt hat de kalvinistyske lear ûnderstreke en fêstlein yn de [[Doardtske Learregels]], faak noch altyd oantsjut as 'de fiif artikelen tsjin de Remonstranten'. De Doardtske Learregels foarmje sûnt in [[belidenisgeskrift]] fan de Nederlânske protestantske tsjerke; dat binne sy bleaun yn de neifolgjende iuwen, bygelyks yn it tiidrek fan skisma's, dêr't neist de Grifformearde Tsjerke ek de Nederlânsk Herfoarmde Tsjerke en noch wer letter de Kristlik Grifformearde Tsjerke út ûntstien binne. Ek by de foarming fan de Protestantske Tsjerke Nederlân (PKN) yn 2004, en de oanrin derta, bleaune de Doardske Learregels (de Fiif Artikelen tsjin de Remonstranten) as belidenisgeskrift hanthavene. Dat hat harres dien, neist oare arguminten, ta it kiezen foar selsstannich bliuwe fan de Remonstranten.
 
== Sjoch ek ==