Walter Scott: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 21:
== Skriuwer ==
Walter hie altyd al in soad lêzen neist skoalle, mar doe't er 25 jier wie begûn er sels serieus mei de skriuwerij neist syn wurk as advokaat.<br />
Yn 't earstoan sette hy balladen en ferhalen út it [[Dútsk]] oer. Eigen wurk lykas ''The Minstrelsy of the Scottish Border'' waard goed ûntfongen, mar ''The Lay of the Last Minstrel (1805)'' wie in grut súkses.
 
Yn [[1811]] kocht er Cartly Hole Farm oan de rivier de [[Tweed]] by [[Melrose]]. Hy moast der alle jild foar liene. Fan 1816 - 1824 realisearre hy dêr Abbotsford, in hearehûs yn Ingelske ''Baronian Style''.
Rigel 27:
Wilens wie er in begoedige man troch it súkses fan syn earste wurken, benammen ''The Lady of the Lake'' (1820). Hy waard in grut samler fan histoaryske boeken, âlde Skotske balladen, wapens, harnassen en oare histoaryske reliken. Op de ein fan syn libben hie er mear as 9000 boeken op Abbotsford.
[[Ofbyld:Abbotsford07.jpg|thumb|Abbotsford House]]
Mei it ferskinen fan de histoaryske roman ''Waverly'' (1814) bruts in nije faze fan syn skriuwerskip oan. Scott wie yn 't earst tige benaud foar ôfwizing troch lêzers en kritisy, dat hy publisearre ûnder [[pseudonym]]. Hy hat ferskate skûlnammen brûkt, mar as ''Skriuwer fan Waverly'' waard er ferneamd. It hat oant [[1827]] duorre ear't h er ûnder eigen namme publisearre doarde, wylst de measte minsken doe al lang op de hichte fan syn identiteit wiene.
 
Walter Scott wurdt wol ien fan de earste ynternasjonale auteurs neamd. Hy hie lêzers yn Grut Brittanje, [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], West- en East Jeropa en ûnderhâlde kontakten mei bûtenlânske kollegas. Syn ynfloed op bûtenlânske skriuwers stiet net yn'e kiif en men moat sizze dat troch him de [[skiednis fan Skotlân]] 'op de kaart' set is yn 19e-iuwsk [[Jeropa]].