Kamp Westerbork: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 14:
[[Ofbyld:Boulevard des Misères Westerbork.jpg|thumb|250px|Haadstrjitte ('Boulevard des Misères') fan Westerbork yn 1944]]
[[Ofbyld:Joden wachtend op deportatie van Westerbork naar Auschwitz.png|thumb|250px|Joaden wachtsjend op deportaasje fan Westerbork nei Auschwitz]]
Yn de besetting makken de nazy's tankber gebrûk fan de al besteande kampsruktuer. Westerbork kaam op [[1 july]] [[1942]] ûnder Dútsk bestjoer. Fan oktober 1942 oant april 1945 wie [[Albert Konrad Gemmeker]] kommandant fan it kamp. As ''Polizeiliches Durchgangslager Westerbork'' waard it in trochgongskamp foar [[joaden]], [[sigeuners]], [[homoseksueel|homoseksuelen]] en [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|fersetsminsken]], dy't per trein ôffierd waarden. Yn 't earstoan barde de dat fia stasjon Hooghalen, mar nei in skoft waard in spoar oanlein dat it kamp ferbûn mei it spoar tusken [[Beilen]] en [[Assen]].
 
Else tiisdei gie der in frachttrein út Westerbork wei dy't in gruute groep kampbewenners fia [[Assen]], [[Grins (stêd)|Grins]] en [[Nijeskâns]] nei kampen yn [[Poalen]] brocht, meast de [[ferneatigingskamp]]en [[Auschwitz|Auschwitz-Birkenau]] (65 treinen mei 60.330 minsken, de measten by oankomst deadien) en [[Sobibór]] (19 treinen mei 34.313 minsken, allegear fuortendaliks fergast), mar ek nei [[Bergen-Belsen]] en [[Theresienstadt (konsintraasjekamp)|Theresienstadt]] (9 treinen mei 4.894 minsken dêr't sa'n 2000 fan oerlibben). De reis duorre sa'n trije dagen. De trein waard oant Nijeskâns troch Nederlânsk spoarpersoniel bemanne, en fan Nijeskâns ôf troch Dútsk personiel.<BR>