Kristlik-Demokratyske Uny: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 4:
De earste [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Keamerfertsjintwurdiger]] fan de partij waard yn [[1933]] keazen en dêrnei bleau der in CDU-fertsjintwurdiging yn de Twadde Keamer, oant de partij op [[12 july]] [[1941]] troch de Dútske besetter ferbean waard. Fannijs oprjochte yn augustus 1945, is de CDU op [[8 febrewaris]] [[1946]] opgien yn de [[Partij fan de Arbeid]].
 
De partij helle yn 't earstoan ien sit by de ferkiezingen, yn [[1937]] waarden dat twa.
 
De CDU wie pasifistysk, fersmiet de wapene lânsferdigening en wie fûl tsjin de ynternasjonale herbewapening. De partij wie tige sosjaal en hie in protte oanhing ûnder lytse boeren en lânarbeiders (mei troch Harm van Houten). De partij neamde har net sosjalistysk, mar kin ûnder foarbehâld wol ta de sosjalistyske partijen rekkene wurde. De partij kearde har tsjin de polityk fan [[Hendrik Colijn]] en tsjin it yndividualisme. De partij wie rjochtsinnich-protestantsk en progressyf-sosjaal.