Will Spoor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 2:
[[Ofbyld:Snuf & Snuitje.png|thumb|''Snuf en Snuitje'', rjochts Will Spoor as Snuitje]]
'''Willem Jan Spoor''' ([[Amsterdam]], [[3 desimber]] [[1927]] – dêre, [[25 novimber]] [[2014]]) wie in Nederlânsk [[akteur]] en teätermakker, dy't fral bekend waard as [[pantomime]]spiler. Teffens waard er bekend fan syn rol as Snuitje, de iene helte fan it banditeduo Snuf & Snuitje, uit de tf-rige [[Pipo de Clown]].
Will Spoor wie yn 't earstoan [[Fioele|fioelist]]. Hy folge pantomimelessen by de Frânske mimespiler [[Étienne Decroux]]. Yn [[1954]] die er mei yn de ''Stichting Nederlandse Pantomime'', dy't yn [[1952]] troch [[Jan Bronk]] oprjochte waard. Yn [[1968]] sette Spoor út ein mei in eigen mimeteäter, "Mime Theater Will Spoor". Hy stichte dêrnei de teätergroepen ''Waste of Time'', ''Inccoprodinc, No 12'' en ''Onk Theater Overal''. Njonken dat arbeide er op mei it [[Willem Breuker]]kwartet yn ferskaat oan produksjes; neist mimespyljen song er dêr ek yn. Letter hie er faak gastrollen. Hy stie ek faak yn it teäter ûnder de [[skûlnamme]] Fred Saels.
 
Spoor wenne en wurke op it ADM/terrein, earder fan de ''[[Amsterdamsche Droogdok Maatschappij]]'' yn [[Amsterdam-Noard]]. Dat is no in wen- en wurkplak foar [[Keunstner|artysten]].