Sully Prudhomme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 8:
Meidat er al jierrenlang dichte, liet er mids jierren tweintich yn him omgean wat er mei syn erfde fermogen dwaan soe en besleat doe om him hielendal te wijen oan de [[literatuer]] en de [[filosofy]], wêrby't er besocht de wrâld fan [[technyk]] en [[wittenskip]] mei dy fan de geast en de skientme te ferbinen.
 
Yn 't earstoan skreau Sully Prudhomme, syn skriuwersnamme, keunstige sierlike gedichten yn de frijwat koele styl fan de [[Parnasse|Parnassiens]] (samle yn ''Stances et Poèmes,'' 1865; ''Les épreuves,'' 1866; ''Les écuries d'Augias'' en ''Les solitudes,'' beide 1869). Syn meidwaan oan de [[Prusysk-Frânske Oarloch]] yn 1870/71 ferwurke er yn ''Impressions de la guerre'' (1872) en ''La France'' (1874).
 
Dêrnei waard waard er mear in dichter fan "poésie personnelle", dat wol sizze gedichten dy't formele elegânsje mei moaie bylden, tinzen en gefoelens yn har ferienigen en b y de lêzers fan dy tiid likegoed yn de smaak foelen as de noflik lêsbere filosofyske [[essay]]s oer allerhanne tema's dy't er skreau en yn grutte tallen publisearre.