Jens Nygaard Knudsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"LEGO_Build_a_Mini_Minifigures_(42891188111).jpg" is op Commons fuorthelle Fitindia om't: per c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Lego minifigures.
L st
Rigel 2:
 
== Karriêre ==
Knudsen sollisitearre yn 1968 nei in baan by [[Lego]] yn [[Billund]]. Yn 't earstoan boude er hûnderten modelauto's fan Legoblokjes, dêr't guon fan as boupakket ferkocht waarden. Yn de jierren santich fan de foarige iuw hat Lego it assortimint bot útwreide en ferbrede mei ferskate ''kits'' lykas plysjeburo's, brânwachtkazernes en sokssawat, dy't troch Knudsen ûntwurpen waarden. Doe't it grutter wurdend ûntwerpteam dêrnei ferdield waard yn ferskate subgroepen, wie er dêr tsjin mei't er alles leaver sels die. Hy begûn sels de Lego-figueren dy't we hjoed-de-dei kenne te ûntjaan en dêr't yn 1978 [[patint]] op kaam. Yn 1979 waard in romteskip mei de popkes de op de Neurenbergske Boarterguodbeurs keazen ta "European Toy of the Year". Troch de tanimmende omset fan de figueren, wêrfan't der oant 2020 goed acht miljard makke wiene, moast Lego neffens in lettere ûntwerper 500 nije meiwurkers yn tsjinst nimme en waard Knudsen dêrnei promovearre ta haadûntwerper. Hy gie yn 2000 mei [[pinsjoen]], mar bleau dwaande mei it meitsjen fan Lego-figueren - foar in part as [[freelancer]], mar meast op eigen manneboet om't er der nocht oan hie.
 
Jens Nygaard Knudsen wie troud en heit fan trije bern.