Jakob (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 14:
==== Jakob en Ezau ====
[[File:Govert Flinck - Isaac Blessing Jacob - WGA07930.jpg|thumb|left|De bline Izaäk jout Jakob Ezau's segen ([[Govert Flinck]], 1638]]
Ienris doe't Ezau werom kaam fan de jacht wie Jakob thús oan it iten sieren. Ezau wie roppich yn 't liif en hy frege oft hy wat fan it iten krije koe. Jakob andere dat hy him iten jaan woe, mar dat Ezau dan it rjocht fan de âldste jaan moast. De réaksje fan Ezau wie ûnferskillich: wat koe him no it rjocht fan de âldste no skille wylst hy sa'n honger hie. En sa ferkocht Ezau it rjocht fan de âldste foar in board iten en Jakob liet syn broer der noch by swarre ek.<ref>Genesis 25:27-34</ref>
 
Nei't hy Ezau it rjocht fan de âldste ôfhandich makke hie, wist Jakob letter ek nochris mei help fan syn mem op in slûchslimme wize Izaäk's segen foar Ezau te ûntfytmanjen. Ezau wie sa lulk, dat Jakob op oantrunen fan syn mem flechtsje moast nei Charam, dêr't syn omke Laban wenne.<ref>Genesis 27</ref>
Rigel 30:
[[File:Jacob and Rachel Leaving the House of Laban by Charles-Joseph Natoire, 1732, High Museum of Art.jpg|thumb|250px|left|Jacob en Rachel ferlitte it hûs fan Laban ([[Charles Joseph Natoire]], 1732)]]
 
Jakob stie goed yn 't wurk en troch him waard syn omke Laban in ryk man. En Jakob wist mei in tûke ôfspraak mei syn skoanheit sels ek tige ryk te wurden. Nei't Jakob likernôch tweintich jier by Laban tsjinne hie, woe hy werom nei it lân dêr't er wei kaam. Om't hy fierder gjin spul mei syn skoanheit woe, pakte Jakob temûk op en gyng mei syn froulju, byfroulju en al syn bern en besittings op reis werom nei Kanaän. Pas trije dagen letter kaam Laban it te witten dat se sûnder ôfskie fuort gien wiene en dat se ek noch ris de ''tearafim'', syn ôfgodsbyldsjes, stellen hiene. Laban besleat om mei syn mannen Jakob efternei te sitten, helle de karavaan nei sân dagen yn en easke om ferantwurding. Jakob sei syn skoanheit dat hja stikem fuortgien wiene om't hy bang wie dat Laban de froulju oars net gean litte woe. Fan de byldsjes dy't stellen wiene wist Jakob neat, want dat hie Rachel dien. Dat Jakob joech Laban en syn mannen tastimming om alles nei te sjen, mar hja koene de byldsjes net fine om't Rachel der boppe siet en sei net oerein komme te kinnen om't hja lêst hie fan de "frouljuskwaal". It rûn allegear mei in skamper ôf en Laban stelde út om in ferbûn mei Jakob te sletten en hja makken lykas wenst in stienbult en Jakob neamde dat plak Gal-Ed. De oare moarn naam Laban ôfskie en gyng nei hûs.<ref>Genesis 31</ref>
 
== Jakob werom yn Kanaän ==