Marokko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 37:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Marokko begjint as de earste minske har dêr festige om-ende-by 8.000 f.Kr. Op dat stuit hearsket yn dy omkriten in oar klimaat as tsjintwurdich. De earste [[Berbers|Berberfolken]] arrivearren yn 2.000 f.Kr. fan 't suden út en sûnt de [[8e iuw f.Kr.]] stiften [[Foenysjers|Foenysyske]] hannelers delsettingen oan de kust. De Foenysjers wreidzje stadichoan harren ynfloed út nei de binnenlannen fan Marokko. Ien fan dy koloanjes wie [[Kartago]], yn it [[Tuneezje]] fan no, dy’t him ûntwikkele ta in ekonomyske macht yn it westlik part fan it [[Midlânske See]] gebiet. De Berberkeninkriken yn it [[Atlasberchtme]] wienen yn mear of mindere mate ûnderhearrich oan harren. Nei de fal fan Kartago waard dizze posysje oernommen troch de [[Romeinen]].
 
Yn [[429]] kaam oan de macht fan de Romeinen ynienen in ein mei de komst fan de [[Fandalen]]. Sy stiften in [[Fandaalske ryk|Fandaalsk keninkryk]] mei as haadstêd Kartago dat mear as hûndert jier yn stân bliuwe soe, mar troch de opfolgers fan de Romeinen, de [[Byzantynske ryk|Byzantinen]] ferneatige waard. Yn [[682]] oermasteren de Arabieren it lân en waard de [[islam]] yntrodusearre. Sawol Arabyske as Berberdynastyen regearden oer Marokko. Ferneamde dynastyen wienen de [[Almoraviden]], de [[Almohaden]] en de [[Meriniden]]. Under de Almoraviden soe 'de Maghreb' foar it earst feriene wurde.