Steatestavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 29:
Stavering fan frjemde wurden, sa't dy jildt fan [[25 novimber]] [[1982]] ôf:
;De lûden
#Yn 't algemien bliuwt de stavering fan de lûden gelyk as yn it oarspronklike wurd, mar wurde se oanpast oan it Fryske staveringssysteem as se foarkomme yn it wurdlid dêr't de klam op falt. Bygelyks Am''ea''rika njonken Am''e''rikaansk, syn''oa''de njonken syn''o''daal. Dêrnjonken mei yn guon gefallen as de klam net op it wurdlid falt beide staveringen brûkt wurde: óf it oarspronklike lûs of de útspraakfoarm. Dus njonken f''a''kânsje, f'''a'''mylje, ''tele''foan, redenaasje mei tenei ek stavere wurde f''e''kânsje, f''e''mylje, t''ille''foan, r''idde''naasje.
#De Grykske-y- bliuwt stean op plakken dêr't er yn it frjemde wurd stie. Allinne as yn 't Hollânsk in ''i'' skreaun wurdt, dan wurdt dat yn it Frysk ek in ''i''. Foarbylden: t''y''pe, s''y''nonym, p''i''ramide, s''i''linder.
# De foarheaksels ''in''-, ''im''-, ''il''-, ''inter''-, ''ir''- wurde no stavere as ''yn''-, ''ym''-, ''yl''-, ''ynter-'' en ''yr-''. Foarbylden: ''ynter''nasjonaal, ''yl''lúzje, ''ym''port, ''yr''rasjoneel
#In dielteken (trema) op wurden as reaksje, beanderje, is net nedich. It dieltekenwurdt allinne brûkt by de kombinaasjes ''ii'', ''ie'', ''eee'', en ''ee'' as se net as in ien- of twalûd útspruten wurde. Soms komt it trema nei in foar- of op in efterheaksel. Foarbylden: haai''ï''nge, hygi''ë''nysk, see''ë''n, re''ë''le, snie''ï''ch. It skerpteken is nedich yn inkelde wurden dêr't de ''e'' oars maklik ferkeard lêzen wurde kin, lykas: grouw''é''lich, mand''é''lich,. As yn oare gefallen misferstân ûntstean soe, ''mei'' in trema brûkt wurde, mar regel is dat net.