Joazef (soan fan Jakob): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 13:
 
==== Joazef by Potifar ====
[[File:Joseph and Potiphar's Wife, 1649.jpg|thumb|250px|left|De frou fan Potifar pakt Joazef by syn kleed en wol him by har yn 't bêd lûke, Giovanni Francesco Barbieri (1649)]]
Yn Egypte waard Joazef trochferkocht oan [[Potifar]], in hoveling fan de farao. Dêr gong it Joazef sa goed, dat hy in oanstelling krige yn it hûs fan de hoveling. No wie Joazef in kreaze ferskining en it barde dat de frou fan Potifar it op Joazef fersjoen hie. Hja besocht him te ferlieden mar Joazef bleau trou oan syn hear en gyng der net op yn. Ek net nei't hja him ris by syn kleed pakte en him hiet by har te lizzen. Joazef wist út te naaien, mar rekke syn kleed kwyt om't de frou fan Potifar it stiif beet hold. De frou wie slim misledige no't hja in blauke rûn en naam wraak troch Joazef falsk te beskuldigjen dat hy har besocht hie tenei te kommen. Joazef's hear leaude syn frau en sa kaam Joazef yn de finzenis telâne.<ref>Genesis 39:1-20</ref>
 
Rigel 33:
Foar de twadde kear reizgen de bruorren fan Joazef no nei Egypte en dit kear mei Benjamin. By it sjen fan syn broerke Benjamin rekke Joazef tige oandien, dat hy him ôfsûnderje moast om út te gûlen. Nei't Joazef syn bruorren te iten en drinken jûn hie, joech hy opdracht de sekken groatfol mei graan te foljen en it jild dat de bruorren betellen op'e nij yn de sekken te lizzen. Mar yn de sek fan Benjamin liet Joazef ek noch syn sulveren beker ferstopje.
 
Underweis nei Kanaän waarden de bruorren ynhelle troch de tsjinstfeint fan Joazef, dy't yn opdracht fan Joazef de bruorren fan it stellen fan de sulveren beker beskuldige. De bruorren begrepen der neat fan en seine, dat as de beker by harren fûn waard, dat hja dan as slaaf mei werom gean soene. Grut wie de skrik doe't de beker yn Benjamin's sek fûn waard en wol sa grut, dat de bruorren harren klean stikken skuorden. Allegear gyngen hja mei werom nei de stêd en dêr smieten hja har foar de ûnderkening del om harren as slaaf oan te bieden. Nei't Joazef sei dat allinnich Benjamin bliuwe moast as slaaf om't by him de beker fûn wie en dat de rest gean mochten, kaam Juda, de broer dy't útsteld hie om Joazef te ferkeapjen, nei foarren. Hy lei út hoe dreech it west hie foar syn âlde heit om syn jongste soan gean te litten en dat syn heit stjerre soe as de jongen net werom kaam. Dêrom frege Juda oft hy it plak fan Benjamin as slaaf net ynnimme mocht. Juda's wurden "Hoe soe ik nei ús heit tagean kinne, as de jonge net by my is? It leed dat ús heit dan treffe sil, soe foar my net om oan te sjen wêze" taaste Joazef sa yn 't moed, dat hy yn gûlen útbarstte. No koe Joazef him net mear stilhâlde en hy makke him bekend as harren broer dy't hja ferkocht hiene.
[[File:Rembrandt Harmensz. van Rijn - Jacob Blessing Ephraim and Manasseh - Schloss Wilhelmshöhe Kassel.jpg|thumb|left|250px|Jakob jout de soannen fan Joazef syn segen ([[Rembrandt van Rijn]])]]