Jan fan Arkel (biskop): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
L fl
 
Rigel 11:
Jan luts him werom yn Grenoble, mar yn [[1351]] kaam hy werom en wist yn de kommende jierren syn posysje werom te winnen en syn gesach yn it bisdom te werstellen. Hy trede nochris op tsjin lestige kastielhearen en rôfridders, wêrby't ferskate strategysk lizzende kastielen yn Utertske hannen kamen. Binnen de stêd waard stabiliteit skepen troch de ferbanning fan de Hollângesinde partij fan de [[Gunterlingen]]. Nei in lêste kampanje tsjin Hollân yn [[1355]]-[[1356]] waard earst de frede tekene: it Nedersticht wie ûnder kuratele fan de greve útkomd en de rôfridders wiene oanpakt.
 
It [[Sticht Utert|Sticht]] stie der no better foar as yn't it yn tiden west hie. It gefolch is al dat de stêd hieltiten mear macht krigen hie yn ruil foar finansjele steun oan de militêre operaasjes. Se begûn in mear selsstannige koers te farren.
 
Yn [[1364]] waard Jan fan Arkel troch [[paus Urbanus V]] oerpleatst nei Luik. Troch de macht fan de gilden koe hy dêr syn macht minder jilde litte as yn Utert, al wist hy yn [[1366]] it [[greefskip Loan]] definityf by it [[Prins-biskop|prinsbisdom]] yn te liivjen. Yn [[1373]] waard hy twongen it Tribunaal fan de XXII op te rjochtsjen. Dat wie in rjochtbank mei soeverein beslissingsrjocht, ta ferdigening fan elke Luikse ûnderdaan tsjin it ûnrjochtmjittich optreden fan de biskoplike amtners. It hie al earder koarte tiid bestien ûnder it bewâld fan [[Adolf fan der Mark|Adolf II fan der Marck]]. Nei syn dea waard Jan fan Arkel begroeven yn de [[Dom fan Utert|Domtsjerke]] yn Utert. Dielen fan syn grêftombe waarden nei de [[Reformaasje|Herfoarming]] ferwurke yn it stek dat de nei him ferneamde kapel ôfslút.