Kornysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L →‎Keppeling om utens: Ik haw wikt derby setten.
L st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Cornish Language Shift.svg|right|thumb|De grins fan it Kornysk ferskode tusken 1300–1750, de befolking naam starichoan it Ingelsk as deistige taal oer.]]
[[Ofbyld:CornwallKernowMappa.png|thumb|300px|Cornwall yn 't Kornysk en Ingelsk]]
'''Kornysk''' (Kornysk: ''Kernowek''; [[Ingelsk]]: ''Cornish'') is in [[Keltyske talen|Keltyske taal]] út [[Cornwall]]. De taal is nau besibbe oan it [[Welsk]] en it [[Bretonsk]]. It wie sirka [[1800]] útstoarn, mar is yn de tweintigste iuw wer keunstmjittich ta libben brocht. [[John Davey fan Zennor]] wurdt as de lêste oarspronklike sprekker fan it Kornysk beskôge; hy stoar yn 1891.
 
Rigel 10:
Om 1900 hinne ûntwikkele [[Henry Jenner]] syn ferzje fan wat hy Ienheids Kornysk neamde. Hy basearre him op in lyts tal midsiuwske toanielstikken; dit hat laat ta in yn 1958 ferskynd learboekje, ''Cornish for All'', skreaun troch Jenner syn neifolger [[Robert Morton Nance]].
 
Anno [[2005]] wurdt de taal troch inkelde tûzenen minsken sprutsen en binne der sels guons fan ûnder de tritich jier dy't mei it Kornysk grutbrocht binne. It meastepart fan dizze Kornysk sprekkers kinne in ienfâldich petear yn de taal hâlde. Fierders binne der radiostjoerders, kranten en films mei dielen yn 't Kornysk te fergelykjen mei it [[Frysk]] yn de [[Ljouwerter Krante]]) en der bestiet in beskaat poarsje literatuer, foaral gedichten yn de taal. ''An Gannas'' is it ienige folsleine tydskrift yn it Kornysk. Yn [[2002]] hat de [[Europeeske Uny]] it Kornysk as offisjele [[minderheidstaal]] erkend.
 
Professor [[Glanville Price]] kritisearre de weropstanning fan dizze taal, mei as ienfâldige reden dat sy faaks foar de helte optocht is. Oan de iene kant sprekt it fansels dat der wurden foar moderne apparatuer en produkten útfûn wurde moasten, oan de oare kant binne de boarnen dêr´t men de grammatika op basearre sa fragmintarysk, dat in protte grammatikale foarmen op wierskynlikheidsredenearingen en op fergelikingen mei besibbe talen reste. Boppedat rekonstruearre men de taal oan de hân fan literatuer út de bloeitiid, dat wol sizze mei teksten fan foar it teloargean en de marginalisearring dy´t al om 1300/1350 ynset wêze moat. Tusken dy perioade en de dea fan John Davey fan Zennor leit in hiaat fan inkelde iuwen, dêr't hast gjin literatuer yn fuortbrocht waard. Sa redenearre hat Price it leaver oer ´Korsk´ ynstee fan ´Kornysk´.