Ynterslavysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 18:
**** Ynterslavysk |
}}
It '''Ynterslavysk''' (''Medžuslovjansky'', [[Syrillyske alfabet|Syrillysk]]: ''Меджусловјанскы'') is in konstruearre [[Slavyske talen|Slavyske]] [[keunsttaal|helptaal]], dy't ornearre is foar kommunikaasje tusken minsken út ferskillende [[Slaven (folk)|Slavyske lannen]], dy't net deselde memmetaal hawwe. De taal kin ek brûkt wurde troch minsken dy't gjin Slavyske taal prate om mei Slaven te kommunisearjen. De wurdskat en de grammatika binne basearre op de oerienkomsten tusken de moderne Slavyske talen en tagelyk kin de taal beskôge wurde as in modernisearre foartsetting fan 't [[Aldtsjerkeslavysk]]. It Ynterslavysk wurdt sawol mei it [[Latynske alfabet|Latynske]] as mei it [[Syrillyske alfabet|Syrillyske]] alfabet skreaun.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Križanić - Gramatično izkazanje ob ruskom jeziku.png|thumb|left|«Gramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku» fan Juraj Križanić]]
Mei in skiednis fan mear as 350 jier is it Ynterslavysk de âldste ynternasjonale helptaal, folle âlder as bygelyks it [[Esperanto]] en it [[Folapúk]]. De earste grammatika fan 't Ynterslavysk waard yn de jierren 1659-1666 skreaun troch de Kroätyske preester [[Juraj Križanić]] (±1618-1683) ûnder de titel ''Gramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku'' ("Grammatikaal oersjoch fan it Russysk").<ref>Nettsjinsteande de namme ''Ruski'' ("Russysk") wie dizze taal yn wurklikheid in mingfoarm fan 't [[Russysk]], it [[Tsjerkeslavysk]], it Ikavyske dialekt fan 't [[Kroätysk]] en it [[Poalsk]]. Križanić brûkte dy namme om de tsaar te behagen.</ref> Ek neitiid, fral yn de [[19e iuw]], hawwe ferskate auteurs, lykas Jan Herkeľ, Božidar Raič en Matija Majar-Ziljski, boeken en artikels oer it Ynterslavysk publisearre. Harren foarstellen wiene almeast basearre op 't [[Tsjerkeslavysk]], dat wilens fierste argaysk wie om foar aldendeiske kommunikaasje brûkber te wêze.
 
Oant de [[20e iuw]] wie de taal nau ferbûn mei it [[pan-Slavisme]], de filosofy dat alle Slaven ta ien en deselde grutte naasje hearre en dêrnei ek it stribjen nei in mienskiplike Slavyske steat. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] kaam de klam mear te lizzen op it befoarderjen fan de ynternasjonale kommunikaasje tusken Slaven ûnderinoar troch de wei fan in "Slavysk Esperanto", wat resultearre yn ferskate sterk ferienfâldige ûntwerpen.
Rigel 28:
Hjoed de dei bestiet it Ynterslavysk út twa aktive projekten:
* it ''Slovianski'' ("Slavysk"), in naturalistyske taal dy't yn 2006 ûntwurpen waard troch in groep taalkundigen út ferskate lannen, ûnder wa [[Jan van Steenbergen]],
* it ''Novoslověnsky'' ("Nijslavysk"), in modernisearre foarm fan 't [[Aldtsjerkeslavysk]], for it earst publisearre yn 2010 troch [[Vojtěch Merunka]].
 
De beide ferzjes binne hast identyk en brûke datselde wurdboek, mar der binne lytse ferskillen yn grammatika en stavering. Mei inoar wurden se sprutsen troch inkele hûnderten minsken.
Rigel 45:
:'''A Б В Г Д Е Ж З И Ј К Л М Н О П Р С Т У Ф Х Ц Ч Ш Ы Ь'''
 
Inkele âldsyrillyske, Russyske en/of Servyske letters binne net-offisjeel yn 't Ynterslavysk, mar wurde bytiden wol brûkt:
 
:'''Ї Љ Њ Щ Ъ Ѣ Ю Я Ѧ Ѫ Ѩ Ѭ'''
 
== Grammatika ==
De [[grammatika]] fan 't Ynterslavysk is in ferienfâldige foarm fan 'e uterst komplisearre grammatika fan 't Aldtsjerkeslavysk en is hast hielendal regelmjittich.
 
Krekt sa as de oare Slavyske talen hat it Ynterslavysk trije wurdgeslachten (manlik, froulik, ûnsidich) en yn de [[bûging]] fan [[haadwurd]]en, [[eigenskipswurd]]en en [[foarnamwurd]]en wurdt ûnderskied makke tusken iental en meartal; it Novoslověnsky hat ek twatal, lykas it [[Sloveensk]] en it [[Sorbysk]]. Fierders hat it krekt as de measte oare Slavyske talen (útsein it [[Bulgaarsk]] en it [[Masedoanysk]]) sân [[namfal]]len: [[nominatyf]], [[genityf]], [[akkusatyf]], [[datyf]], [[ynstrumintalis]], [[lokatyf]], [[fokatyf]], dy't foar alle trije geslachten aparte foarmen kinne. Op inkele útsûnderings nei is de bûging lykwols regelmjittich.
Rigel 93:
 
== Keppelings om utens ==
* [http://steen.free.fr/interslavic/index.html Offisjele webstee fan 't Ynterslavysk]
* [http://www.neoslavonic.org/ Novoslověnsky]
* [http://www.interslavic.info Ynterslavysk leksikon]