Kama (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 8:
De rivier streamt fierder nei it suden nei [[Tatarstan]], dêr't er oergiet yn de [[Beneden-Kamaopslachmar]]. In stikje fierder nei it westen folget de [[Opslachmar fan Samara]], dy't útmûnet yn de [[Wolga]]. De rivier is in drokke hannelsrûte. De rivier is befarber fan it plak [[Kertsjevski]] (966 km) ôf en by heechwetter noch 600 kilometer fierder streamop. De rivier wurdt geregeldwei [[baggerje|baggere]].
 
De rivier wurdt fral fuorre fan [[snie]] en yn 't twadde plak troch rein en grûnwetter. 62,5% fan de jierlikske wetterôffier falt yn de maitiid (maart oant juny), 28,3% yn de simmer en hjerst en 9,1% yn'e winter. It [[debyt]] is trochsneed 1630 m³/sek by de [[wetterkrêftsintrale]] Kamskaja, 1730 m³/sek by de wetterkrêftsintrale Votkinskaja, sa'n 3500 m³/sek by de mûning, dêr dy op syn meast 27.500 m³/sek bedraagt. Ier yn [[novimber]] begjint de bopperin fan de rivier te befriezen en ein novimber de ûnderrin; de rivier leit dêrnei fiif moanne ticht.
 
== Sydrivieren en opslachmarren ==