Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto
L st
Rigel 40:
Op it [[Aldehouster Tsjerkhôf]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dêr't no de '''Aldehou''' stiet, stie sa likernôch om alvehûndert hinne in tufstiennen - [[dowestien]]nen hiet dat doe - tsjerke, dy't yn 'e [[13e iuw]] opfolge wurde soe troch it gruttere, út reade [[âlde friezen]] opboude tsjerke. Men kaam lykwols net fierder as it yngraven fan it [[fûnemint]].
 
Earst doe't yn [[1435]] de doarpkes [[Aldehou (doarp)]], [[Nijehou]] & [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]] by mekoar rekken en sa de stêd Ljouwert ûntstie, kaam der al moai fluch ferlet fan in mânsker godshûs. Sa kaam der in trijebeukige, oan [[Sint Vitus]] wijde [[basilyk]] ta stân, dy't brûkt is oant [[1580]], doe't er by de [[reformaasje]] yn 't ûnnut steld waard. De muorren dêrfan hawwe it lykwols noch oant [[1706]] ta útholden.
 
== Skiednis fan de toer ==