Curtiss P-40: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
opmaak oars
L st
Rigel 38:
De [[Curtiss (bedriuw)|Curtiss]] '''P-40 Warhawk''' wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[jachtfleanmasine]] út de [[Twadde Wrâldoarloch]]. De Warhawk wie it standertjachtfleantúch fan de ''United States Army Air Forces'' (USAAF) doe't [[Japan]] [[Pearl Harbor]] yn desimber [[1941]] oanfoel.
 
It prototype fleach foar 't earst yn [[1938]]. De P-40 tsjinne oant de ein fan de oarloch, by leafst 28 lannen. Der waarden totaal 13.738 tastellen makke oant novimber [[1944]], in [[Buffalo_(New_York)|Buffalo, New York]]. It ûntwerp wie ôflaat fan de [[Curtiss P-36 Hawk|P-36 Hawk]], sadat it tastel fluch yn produksje naam wurde koe. Yn de FSA waard it tastel '''Warhawk''' neamd, mar yn de [[Sovjet-Uny]] en it [[Feriene Keninkryk]] waard er mei '''Tomahawk''' of '''Kittyhawk''' (fan de ferzje P-40D ôf oan) oantsjut.
 
De P-40 waard net brûkt oan Jeropeeske front (útsein boppe de [[Middellânske See]]), mar safolste mear by de [[Noard-Afrikaanske fjildtocht]] en yn [[Azië]]. Hy waard brûkt as jager, eskortejager en jachtbommemiter. De [[Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger]] hie it type fan 1942 oant 1949 yn tsjinst.