Petrus Adrianus Bergsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L st
Rigel 3:
Petrus propagearre de bou fan [[tabak]] en [[sûkerei]] yn [[Fryslân]]. Dat mei tabak slagge net, de sûkereitylt wol (û.o. yn Dantumadiel). De drûgerij stichte er yn [[1792]] en soe de grutste fan it keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn [[Dantumawâld]] en hy wie tsjerkefâd. Syn namme stiet op de tsjerkeklok út 1786.
 
Petrus Adrianus Bergsma wie bekend as útfiner fan it brûken fan [[sâlt]] foar it fee en yn it bysûnder as middel om hea te bewarjen, tsjin broeiing en skimmel, wylst it altiten de fiedingswearde fan it hea ferheget. It wie yn [[1790]] dat er dat foar 't earst op it aljemint brocht. De [[patrysjer]] Bergsma wie eigner fan 7 fan de 16 stimhawwende pleatsen yn [[Moarrewâld]].
 
Yn Damwâld is yn 1968 de mr. P.A. Bergsmastrjitte nei him neamd.