Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 16:
== Regintesse (1711-1731) ==
[[Ofbyld:MarijkeMeumetKinderen.jpg|thumb|200px|left|''Marije Louise mei har twa bern ± 1725'']]
Achtenfjirtich dagen nei it ferstjerren fan har man wurdt noch in soan berne: [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Karel Hendrik Friso]] (1711-1751). Hy troude mei [[Anna fan Hannover]] (1709-1759). De tsjinslaggen sa koart efter elkoar – ek har mem ferstoar datselde jier - wienen in oanslach op de sûnens fan de prinsesse. De problemen waarden noch slimmer troch de oanwêzichheid fan har skoanmem Henriette Amalia, dy't nei Ljouwert kaam wie yn de ferwachting oansteld te wurden as regintesse en foudesse foar har lytse beppesizzer. De Steaten fan Fryslân joegen lykwols de foarkar oan Marije Louise, dêr't se better mei oerwei koenen. Marie Louise naam yn de perioade fan de minderjierrichheid fan har soan it steedhâlderskip fan Fryslân, Grinslân en Drinte waar as regintesse. Se rjochte alles op de krekte opfieding fan har bern, en yn it bysûnder dat fan har soan. Marije Louise wie net tarieden op de bestjoerlike taken dy't se ynienen ferfulle moast: se wie op 't lêst pas sa'n oardel jier yn Ljouwert en noch net echt thús yn de ferhâldingen binnen har hofhâlding, lit stean dy binnen de Republyk. Se hie te krijen mei de slepende erfeniskwestje, dy't pas yn 1732 troch har soan ôfrûne wurde soenen. Boppedat waard se konfrontearre mei beheinde ynkomsten en in grutte skuldelêst opboud troch har skoanmem. Mei help fan har heit, dy't ek foud oer har bern wie, besocht Marije Louise de finansjen op oarder te bringen en it kapitaal te fergrutsjen dat de basis foarmje moast foar de ambysjes fan de Fryske Nassaus, dy't se fan herte dielde. Regleminten foar de hofhâlding moasten de ûnkosten drukke, se beknibbele op it ûnderhâld fan ferskate bûtenpleatsen, en yn Amsterdam liet se inkele skilderijen út de erfenis fan Willem III feile. Marije Louise’s skoanmem gie op 't lêst werom nei Dútslân.
 
Se residearre dêrby om en om yn Ljouwert en Grins en [[paleis Soestdyk]]. Yn har regintskip docht se ek in tal oankeapen: de ambachtshearliken fan Soet en Birkt, fan Baarn en Ter Iem komme by domeingrûnen. Bygebouwen krije in oare bestimming, en de stâlen wurde ferhuze. Boppedat liet se yn 1730 foar harsels it bûtenferbliuw [[Mariënburch]] bouwe. Hja bewenne it [[Princessehof]], in stedspaleis dat yn 1731 oankocht wie.