Simson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 11:
[[File:Гюстав Доре. Смерть Самсона.jpg|thumb|left|250px|Simson stjert mei de Filistinen]]
 
Simson's ûndergong wurdt de Filistynske frou [[Delila]]. Hy kriget har leaf en hja makket misbrûk fan it fertrouen dat Simson yn har stelt. Hieltiten wer freget Delila as sy by him leit wêr't syn krêft dochs wei komt. Simson jout ynearsten gjin belies en spjeldet har wat op de mouwe. Mar Delila jout likemin belies en freget jimmeroan wer hoe't ik komt dat Simson sa sterk is. Op 't lêst jout Simson it oer en ferklapt er dat it ferlies fan syn hier ek it ferlies fan syn krêft betsjut. Delila warskôget de Filistinen en wylst Simson sliept knipt hja him syn frissels ôf. As Delila dan ropt "Simson, de Filistinen oer dy" is Simson machtleas en wurdt er oermastere. De Filistinen stekke him de eagen út en wurdt nei Gaza brocht, dêr't Simson syn libben slite moat troch lange dagen yn in trêdmûne te wurkjen.
 
As de Filistynske foarsten op in dij in grut offerfeest yn de timpel organisearje, liket it har in moai idee om Simson der foar it fermaak by te heljen. De bline Simson wurdt dan ophelle en kriget in plak tusken twa pylders fan de timpel. En wylst de Filistinen yn de stiiffolle timpel feestje, muzyk meitsje en de spot mei Simson driuwe, lit in slaaf Simson de pylders befiele. Dan freget Simson de Heare noch ienris syn âlde krêft werom te jaan om te stjerren mei de Filistinen. Hy giet tusken de pylders stean en triuwt mei alle krêft de pylders útinoar. De timpel ferliest syn stabilens, begjint te kreakjen en te triljen en wylst te pylders omfalle komt it dak op de feestende mannichte del. Mei de Filistinen stjert Simson.