Amasja fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 10:
Nei de oerwinning op Edom waard Amasje oermoedich en begûn er kening [[Joäsj fan Israel|Joäsj]] fan it [[Keninkryk Israel|Noardryk Israel]] út te dagen om de striid oan te gean. Dy stjoerde Amasja asandert in brief mei dêryn in parabel oer in stikel en in seder. De stikel moast Juda ferbyldzje en dy waard ferwâde troch wylde bisten. De rie dy't kening Joäsj oan Amazja joech wie dúdlik: bliuw thús, want oars soe it wolris raar mei Juda beteare kinne.<ref>2 Kroniken 25:17-19</ref>
 
Krekt as mei de profeet wie de kening no ek net te rieden en der folge in kriich mei Israel. It kaam Juda djoer te stean: it Judeeske leger waard troch Israel ynmakke en it Israelityske leger teach nei [[Jeruzalim]], dêr't in grut part fan de muorren ôfbrutsen waard. De stêd waard plondere en tal fan gizelers moasten mei nei Israel's haadstêd [[Samaria (stêd)|Samaria]]. Amasja mocht lykwols kening bliuwe, mar sûnt hy frjemde goaden tsjinne hie er in soad lêst fan gearspannings. Op 't lêst waard it foar him yn Jeruzalim sa nuodlik dat er de wyk nimme moast nei [[Lakisj]]. Dêr fûnen se him likegoed en brochten him om.
 
Kening Amasja waard begroeven yn de Davidsstêd en opfolge troch [[Oezzia fan Juda|Oezzia]].<Ref>2 Kroniken 25:17-28</ref>