Pekel A: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|De Pekel A besuden Wynskoat Ofbyld:Bovenloop Pekel Aa op Topografische kaart 1933.jpg|thumb|Bop..."
 
L red
Rigel 12:
Yn it begjin fan de [[sechtjinde iuw]] hie de Doalert syn grutste omfieming en doe ferdwûn suver de ûnderrin fan de rivier oant likernôch it hjoeddeiske doarp [[Alde Pekela]] ta. Yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw foel it lân om de âlde ûnderrin hinne wer drûch troch it opslykjen en doe ûntstie der in nije wetterrin, dy't de namme Pekel A krige. Ynearsten lei der in [[slûs]] by [[Wynskoaterhegebrêge]], dy't by nije ynpolderings ferskate kearen ferpleatst waard. Om [[1590]] hinne ûntstie de delsetting [[Wynskoatersyl]].
 
Oarspronklik rûn de Pekel A bewesten it eilân fan [[Ulsda]] en mûne justjejustjes fierderop út yn de Westerwâldske Aa. By Wynskoat ferienige er mei de [[Rensel]], dat in lytse feanrivier dy't by [[Westerlee]] ûntsprong. Yn [[1596]] waard der in nije trochbraak nei de Westerwâldske Aa makke by De Bult, dy't de "Nije Rensel" neamd waard. It ôfdamme part waard ''Heerensloot'' of ''Olde Rensel'' neamd. Dy wie wichtich benammen as grinssleat tusken [[Beerta]] en it besit fan de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] op it eardere eilân Ulsda. Inkelde [[meänder]]s fan de rivier waarden om 1600 hinne rjochtlutsen en oare stikken waarden ôfsnien. It nije kanaal krige de namme ''Clocks Nieuwe Diep'', wylst de kringeljende âlde rin tenei ''Olde Aa'' neamd waard.
 
Yn [[1728]] waard de Pekel A kanalisearre en krige doe de namme ''Pekelder(hoofd)diep''. Dy kanalisaasje wie nedich fanwegen de [[feanterij]]. By it kanaal del ûntstiene dêrnei de doarpen Alde, Nije en Boppe Pekela.