Hagia Sofia (Istanbûl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 101:
Op 31 maart 2018 resitearre Recep Tayyip Erdoğan yn de Hagia Sofia it earste fers út de [[Koran]]. Hy wijde syn gebed oan "alle sielen dy't dit wurk as erfenis neilitten hawwe, benammen Istanbûl's oermasterer". Dêrmei ferstevige Erdoğan de politike beweging om fan de Hagia Sofia op 'e nij in moskee te meitsjen. Yn maart 2019 sei Erdoğan jitris dat hy de status fan de Hagia Sofia feroarje sil. Hy foege der noch oan ta dat it in tige grutte fout west hie om fan de eardere katedraal in museum te meitsjen.
 
Om't de Hagia Sofia op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO stiet, soe de feroaring fan de status de tastimming nedich wêze fan it World Heritage Committee. Nettsjinsteande dat waard de Hagia Sofia op 10 july 2020 wer in moskee, hoewol't it gebou bûten de [[earetsjinst]]en om ek tagonklik bleau foar [[toerist]]en.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:en:Hagia Sophia]]