Amsterdamske Skoalle (boustyl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
L st: 'oan't' -> 'oant' óf 'oan 't'
Rigel 10:
 
== Wichtichste arsjitekten ==
De wichtichste arsjitekten fan de Amsterdamske Skoalle wienen [[Jan van der Mey|J.M. van der Mey]], [[Michel de Klerk|M. de Klerk]] en [[Piet Kramer|P.L. Kramer]], dy't allegearre oan 't wurk west hawwe op it buro fan [[Eduard Cuypers]] yn [[Amsterdam]]. Om 1910 begûnnen sy foar harrensels en ûntwikkelen in nije boustyl. Yn [[1923]] stoar De Klerk. De Amsterdamske Skoalle ferlear yn him har wichtichste fertsjintwurdiger, mar de boustyl soe noch mear as tsien jier bestean bliuwe. Sa waard op de wrâldútstalling yn Parys yn 1925 (''Exposition Internationale des Art Decoratifs et Industriels Modernes'', letter koartwei ''Art Deco'') it Hollânsk Paviljoen yn Amsterdamske skoalle arsjitectuer útfierd neffens in ûntwerp fan [[Jan Frederik Staal]]. Ek de ynrjochting fan it paviljoen wie hielendal yn de nije keunststyl, dêr't de Amsterdamske Skoalle doe noch ta rekkene waard. De arsjitekt [[Jan Gratama]] hat ek gebouwen yn de Amsterdamske Skoalle-styl delset en wie de earste arsjitekt dy't dizze term brûkt hat.
 
Oare leden fan de Amsterdamske Skoalle wiene, [[Berend Tobia Boeyinga]], P. H. Endt, H. Th. Wijdeveld, C. J. Blaauw, en P. L. Marnette (sjoch strjit meubilêr). It tydskrift ''Wendingen'' (Feroarings), ferskynd tusken 1918 en 1931, wurdt beskôge as it blêd fan de Amsterdamske Skoalle.