Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
L st
Rigel 11:
Fan [[1959]] ôf besiket Noard-Fjetnam it rezjym yn Súd-Fjetnam te fal te bringen troch it suden yn tanimmende mjitte te ynfiltrearen. It rezjym fan Diem ropt lykwols sels ek in protte ferset op by de befolking. Boeren fersette harren tsjin twongen ferhuzings nei fersterke doarpen, dêr't sy tsjin kommunistyske ynfiltraasje beskerme wêze soenen, mar ek better kontroleare wurde kinne. De ûnrêst yn Súd-Fjetnam nimt hieltyd fierder ta. Op [[20 desimber]] [[1960]] rjochtsje Súdfjetnameeske gueriljastriders it Fjetnameeske Nasjonale Befrijingsfront ([[Fjetnameeske Nasjonale Befrijdingsfront|NLF]]) op, dat meastentiids de ''Fietkong'' neamd wurde en dat troch de Noardfjetnameeske kommunisten stipe waard. Troch de Amerikaanske presidint [[Dwight D. Eisenhower|Eisenhouwer]] wurdt dêrom noch mear help stjoerd yn de foarm fan militêre en ekonomyske stipe. Dizze situaasje hie in oantal ynsidinten as gefolch, wêrûnder de foarfallen rûn de [[Golf fan Tonkin]], dy't úteinlik de direkte oanlieding foar de oarloch wurde soe.
 
[[Ofbyld:Boeing B-52 dropping bombs.jpg|thumb|right|250px|Amerikaanske [[Boeing B-52 Stratofortress|B-52]] oan 't bombardearjen]]
Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfjetnameeske [[Pleikû]], joech presidint [[Lyndon B. Johnson|Johnson]] yn febrewaris [[1965]] it befel Noard-Fjetnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fjetnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de oarloch eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de oarloch winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fjetnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftoarloch allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.