Gilles Quispel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
 
Rigel 2:
== Libben ==
De húshâlding Quispel ferfear nei it plakje [[Kinderdijk]] dêr't de heit in [[smidderij]] hie. It die bliken dat Gilles te ûnhandich wie om dêryn oan 't wurk te gean, dêrom waard hy nei it [[gymnasium]] stjoerd. Hy studearre [[Klassike talen]] en [[teology]] yn [[Universiteit Leien|Leien]] en [[Universiteit Grins|Grins]] en [[wittenskiplike promoasje|promovearre]] yn [[Universiteit Utert|Utert]] yn 1943 op in [[proefskrift]] oer [[Tertullianus]] syn geskrift tsjin de [[gnostisisme|gnostikus]] [[Marsion]] dy't om [[144|144 n.Kr.]] libbe. Fan 1946 oant 1951 wie er learaar [[Latyn]] oan it [[Leien|Leiensk]] Gymnasium. Dêrnei stapte er oer nei de [[universiteit]] dêr't er yn 1951 yn 'e âldens fan 35 jier te Utert beneamd waard ta [[heechlearaar]] [[tsjerkeskiednis]]. Hy wie tagelyk heechlearaar oan de universiteiten fan [[Katolike Universiteit Leuven|Leuven]] en [[Universiteit fan Harvard|Harvard]] yn de [[Feriene Steaten]]. Yn 1976 gie er mei [[emeritaat]].
 
Hy ferstoar hommels doe't er sawat 90 jier âld wie oan de gefolgen fan in [[longûntstekking]] doe't er yn Egypte tahold.