Maria Montessori: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurdkar
L st
Rigel 9:
 
== Direktrise ==
Yn 1898 waard Maria Montessori direktrise fan in ynstitút dat nije learkrêften oplate foar geastlik beheinde bern. Twa jier letter waard sy learkrêft oan it Regio Instituto Superiore Femminile di Magistero, in hegeskoalle foar froulju yn Rome. Yn [[1904]] waard Maria Montessori beneamd ta heechlearaar yn de [[antropology]] oan de [[universiteit fan Rome]], in learstoel dy't sy beklaaie oan'toant [[1916]]. Tagelyk skreau sy har yn as studint pedagogyk.
 
== Flecht ==
Rigel 15:
[[Ofbyld:Montessori Kugeln.JPG|thumb|left|Montessori-ûntwikkelingsmateriaal]]
 
Yn 1916 sette se har ta wenjen yn [[Barselona]], dêr't se oan'toant [[1936]] bliuwe soe. Yn de tuskentiid hat se ek noch twa jier yn Itaalje west. Yn [[1934]] ferliet Maria Montessori Itaalje; [[Mussolini]] woe mear te sizzen hawwe oer lessystemen. Hy woe bygelyks skoalle-unifoarmen. Dat wie foar Maria Montessori net akseptabel. Fan de iene op oare dei hold it Montessori-ûnderwiis yn Itaalje op te bestean. Maria Montessori gie werom nei Barselona. Mar yn 1936 moast se dêr ek wer wei troch de [[Spaanske boargeroarloch]]. Se gie fan [[Spanje]] nei [[Ingelân]]. Dêr waard it Fiifde Ynternasjonaal Montessori-kongres hâlden. Sy prate dêr foar it earst oer it fuortset ûnderwiis en lansearret it [[Erdkinder-plan]]. Datselde jier noch, fêstige sy har yn [[Nederlân]]. Yn Nederlân stiet ek no noch it haadkertier fan de Montessori-beweging. Yn [[Laren]] waard in Montessori-skoalle iepene. Maria Montessori wie fan doel om dêr fiif moanne yn it jier les te jaan. Yn oktober [[1939]] ferliet sy Nederlân mei har soan Mario. Se gongen nei [[Yndia]]. Yn Yndia joech se in grut tal lêzings, organisearre troch de [[teosofy|teosofyske beweging]]. Ek joech sy Montessori-kursussen oer de Montessori-metoade.
 
Troch it útbrekken fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it in lange reis fan wol 6 jier. Yn [[1946]] kaam se werom nei Nederlân. Fjouwer jier letter waard se beneamd ta [[offisier yn de oarder fan Oranje Nassau]]. Ek krige se in [[earedoktoraat]] oan de [[Frije Universiteit]].<br>