Meindert Talma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
eleganter...
L st
Rigel 2:
'''Meindert Talma''' ([[Surhústerfean]], [[2 novimber]] [[1968]]) is popmuzikant en [[skriuwer]], aktyf yn de [[Grins (stêd)|Grinzer]] [[muzyk]]wrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.
 
Talma hat oan'toant no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa [[roman]]s en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it [[Frysk]] as it [[Nederlânsk]]. Talma hie ek in [[Ingelsk]]talich siidprojekt, ''Tamango'', wylst er mei syn [[krautrock]]band [[Ausputzer]] yn it [[Dútsk]] sjongt.<ref>[https://www.dvhn.nl/cultuur/Meindert-Talma-zet-vergeten-Duitstalige-plaat-online-25736990.html Dagblad van het Noorden - Meindert Talma zet 'vergeten' Duitstalige Krautrockplaat na tien jaar alsnog online: 'Het was wat experimenteler dan mensen van mij gewend waren']</ref> Syn muzikale ynfloeden binne divers. De [[New Wave]] út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek [[Lou Reed]] hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt [[1997]] foaroanman fan de freoneband [[Meindert Talma & The Negroes]].
 
Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift [[De Blauwe Fedde]] en [[kollumnist]] foar ûnder oaren de [[Ljouwerter Krante]] dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel ''Talma Tikt''.