Douwe Kiestra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 25:
 
== Biografy ==
Hy wie de soan fan Hermanus Kiestra, feehâlder, en Trijntje Hornstra. Hy gie nei de Rykslânbouwinterskoalles en gie dêrnei oan 't wurk op syn heite pleats. Hy troude op [[25 maaie]] [[1925]] mei Aaltsje Hannema. Se krigen twa soannen en ien dochter. Hy waard dêrnei pachter op in feehâlderij yn Poppenwier. Yn 1938 ferhuze de hûshâlding nei in pachtpleats yn [[Eagmaryp]], mar al yn 1941 gie er werom nei syn bertestreek. Dêr pachte er in buorkerij ûnder [[Tersoal]]. As lêste hie er fand 1962-1967 in lytse buorkerij yn Poppenwier.
 
Om syn aktive pro-Dútske hâlding yn 'e [[Twadde Wrâldkriich]] (Hy wie û.o. lid fan 'e [[NSB]] en de [[Nederlânske SS]]) waard er nei de kriich ta 2 1/2 jier finzenis feroardield. Ek krige hy in publikaasjeferbod oplein foar fiif jier. Dêrom is ''Sinne op ’e striesek'', dêr't er syn ûnderfiningen yn ynternearringskampen beskriuw, ûnder skûlnamme ferskynd.