Breslau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 23:
'''Breslau''' ([[Poalsk]] en offisjeel: '''Wrocław''') is in stêd in it súdwesten fan it hjoeddeiske [[Poalen]]. Breslau is de belangrykste histoaryske stêd fan [[Sileezje]] en leit oan de rivier de [[Oder]]. Breslau is de fjirds grutste stêd fan Poalen.
 
De stêd is yn de histoarje bekend as Breslau om't it as part fan Sileezje oan'toant 1945 yn [[Dútslân]] lei.
 
Breslau is de haadstêd fan de Woiwodschaft Nedersileezje en is stêdsdistrikt en regearstee fan de provinsje mei de selde namme. De stêd fungearet as residinsje fan in roomske aartsbiskop en in evangelyske diosesaanske biskop. Der binne ferskate skoallen foar fuortset ûnderwiis en ûndersyksintrums en ek teaters en museums. It is derom dan ek it kulturele en wittenskiplike sintrum fan it folsleine gebiet fan Sileezje. Breslau leit oan de [[Oder]] yn in wichtich lân- en mynbougebiet en is ek op it gebiet fan masinebou en metaalyndustry fan betsjutting.