Konstantin Korovin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 11:
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] wie Korovin [[kamûflaazje]]adviseur op it haadkertier fan ien fan de Russyske legers en wie er gereldwei oan it front te finen. Nei de [[Oktoberrevolúsje]] gie er wer foar it teater oan'e gong. Sa makke er dekors foar [[Richard Wagner]] syn ''Die Walküre'' en ''Siegfried'' en ek foar ''De Nutekreaker'' fan [[Pjotr Iljitsj Tsjaikovsky]](1918–1920).
 
Yn 1923 ferruile Korovin Ruslân foar altyd foar [[Parys]], mei help fan Folkskommissaris foar Underwiis [[Anatoli Loenatsjarski]], formeel om better te wurden fan in hertsykte. De lêste tiid fan syn libben wie dreech, mei sykte, allerhanne praktyske swierrichheden, earmoed en de soarch foar syn lichaamlik beheinde soan. Korovin skildere yn dy perioade in soad Paryske strjittafrelen, fral om troch de tiid te kommen (hy wie ien fan de earsten dy't wurk op [[Montmartre]] ferkocht). Hy bleau ek oan 't wurk as dekorateur foar it teater en ûntwurp ûnder mear it dekor foar [[Nikolai Rimsky-Korsakov|Rimsky-Korsakov]] syn “De Gouden Hoanne”.
 
Hy stoar yn 1939 en waard begroeven op it Russysk tsjerkhôf te [[Sainte-Geneviève-des-Bois (Essonne)]].