Charles B. Timmer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 6:
Yn 1924 ferfear Charles nei [[Finlân]] om dêr oan it wurk te gean by in houtseagerij. Hy troude dêr mei in Finske. Dêrnei gie er nei [[Estlân]] dêr't er houtynspekteur waard en [[Russysk]] learde. Werom yn Finlân yn 1929, waard er haad fan de reklameôfdieling fan [[Keninklike Philips Electronics N.V.|Philips]]. Yn 1932 giet er werom nei Nederlân en waard houtynspekteur by houthannel Peltenburg; dat brocht him op'en nij yn Ruslân. Hy boaske twads oan in ''prima ballerina'', Genia Tsjertkowa. Yn 1936 waard er lykwols slachtoffer fan de [[stalinisme|stalinistyske]] hetze tsjin bûtenlanners, dat hy moast út [[Odessa (stêd)|Odessa]] wei it lân ûntflechtsje.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] gie Charles B. Timmer fierder mei de stúdzje Russyske taal. Hy soe ek Russyske les jûn hawwe oan Nederlânske boeren dy't by de [[Nederlânske East Kompanjy|Eastkompanjy]] gien wienen om it fan de [[Nazy-Dútslân|Dútsers]] ferôvere lân te bewurkjen. Dat feit brocht [[Aleida Schot]] letter by [[G.A. van Oorschot|Geert van Oorschot]] op it aljemint, doe't Timmer wegere har as oersetter foar de ''Russische Bibliotheek'' oan te nimmen. Letter frege Timmer har dochs noch om foar de ''Russische Bibliotheek'' oan 't wurk te gean, mar Schot wegere. Timmer joech yn de oarloch ek Russysk oan [[Sal Tas]], in joadske [[SDAP|SDAP’er]].
 
Nei de oarloch begûn er mei Geert van Oorschot de ''Russische Bibliotheek''. Timmer syn earste oersetting fan ''Afgunst'' fan [[Joeri Oljesja]] ferskynde 1947. Mei Timmer as haadredakteur fan de 'Russyske Bibleteek' waarden de Russyske klassike skriuwers út de [[19e iuw]], lykas [[Anton Tsjechov]], [[Ivan Toergenjev]], [[Nikolaj Gogol]] en [[Fjodor Dostojevski]], oerset yn it [[Nederlânsk]]. It projekt hie meiïnoar tweintich oersetters, dy't foar it earst streekrjocht út it Russysk oersetten. Totaal sette Timmer sels sechtich titels oer. Yn 1963 krige er de [[Martinus Nijhoff-priis]] foar it oersetten fan de 19e-iuwske Russyske auteurs, yn 1987 de [[Belle van Zuylen-priis]] en yn 1991 de [[Aleida Schot-priis]].