Willem Bartel van der Kooi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 22:
 
==Libben==
Willem syn âlden lieten him it tekenjen leare by Wessel Pieters te [[Bûtenpost]] en stjoerden him mei 12 jier nei Ljouwert as learling by de behangselskilder [[Frans Swart]], by wa't er lykwols mar in jier bleau. Doe kaam er troch bemiddeling fan Jr. [[Ulbo van Burmania]], [[grytman]] fan [[Ljouwerteradiel]], by de amateurskilder [[Johannes Verrier]], sollisiteur militêr te Ljouwert. Under syn lieding lei er him trije jier ta op it tekenjen. Letter oefene er mei syn freonen D.J. Ploegsma en J.V. Nicolay yn it skilderjen mei oaljeferve, ek by Verrier, en neifolgendneifolgjend krige er fan skilder [[Harmen Beekkerk|H.W. Beekkerk]] ûnderrjocht yn it lânskipsskilderjen, dat er letter lykwols net folle dien hat.
 
De politike omkearing fan 1795 makke dat er it skilderjen oerjoech. Hy waard beneamd ta represintant fan it Fryske folk en ta sekretaris fan de [[gritenij]] [[Achtkarspelen]]. Waard yn [[1798]] lektor [[tekenkeunst]] oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]], wat er bleau oant de universiteit yn [[1808]] sletten waard. Hy boaske mei Jetske Haijes yn har bertedoarp [[Burgum]] op [[21 april]] [[1805]]. Se krije twa bern: Binne (* [[1806]]) en Haije (* [[1807]]). Yn 1813 sette er him ta wenjen yn Ljouwert, dêr't er in soad learlingen oplaat hat, sa as [[Tjeert Eernstman|T. Eernstman]], [[Cornelis Wester|C. Wester]], [[Albert Gerrits Swart|A.G. Swart]], D. Hansma, J. de Jong, J.H. Heijmans, [[Johan Joeke Gabriël van Wicheren|J.J.G. van Wicheren]], [[Sjoerd Bonga (keunstner)|S. Bonga]], G. Fellinga, C.B. Buijs, W. de Haan, [[Otto de Boer]], [[Gosling Posthumus]], [[Servaas de Jong]], [[Tjeerd Andringa]], [[Wilhelmina Geertruida van Idsinga]].
Rigel 28:
Van der Kooi skildere in grut tal portretten, ûnder oaren in portret fan [[Eise Eisinga]]. Yn it [[Frysk Museum]] hinget wurk fan him, bg. it skilderij "It Minnebrief".
 
== GalleryGalery ==
<gallery widths="180" heights="180">
Image:De minnebrief Rijksmuseum SK-A-1064.jpeg|It Minnebrief