Pier Pandertimpel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
 
Rigel 40:
De '''Pier Pandertimpel''' is in lytse keunsttimpel yn de stêd [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. It gebou is in [[ryksmonumint]].
 
De bou fan de keunsttimpel waard neffens plannen fan byldhouwer [[Pier Pander]] (1864-1919) yn 1924 útfierd troch arsjitekt [[Jan van der Mei (arsjitekt)|Jan van der Mey]] (1878-1949) en foarmjouwer [[Nicolaas Petrus de Koo]] (1881-1960). It gebou hat de foarm fan in rûne [[sintraalbou]]. Yn de [[archivolt]] fan de yngongspartij is in byldhouwurk fan Pander oanbrocht dat de [[Moarnsdage]] foarstelt. De koepel mei tolve rûnbôgefinsters hawwe glês-yn-leadramenleadruten fan [[J.H.E. Schilling]] (1893-1942). It gebou is dutsen mei [[reid]].
 
De moarmeren bylden yn de timpel waarden troch de Italjaanske byldhouwer [[Ernesto Gazzeri]] (1866-1965) makke neffens foarbyld fan de gipsen modellen fan Pander. De fiif skulptueren (''Uchtend, Gedachte, Gevoel, Moed en Kracht'') ferbyldzje de krêften dy't nedich binne foar it meitsjen fan in keunstwurk. Se steane ûnder in arkade. It timpeltsje stiet yn de [[Noarderplantaazje]] en is ûnderdiel fan it [[Pier Pander Museum]] yn de [[Prinsetún]].