Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 272:
== Haadside ==
As ik ''as ip-er'' ús [[Haadside]] besjoch, stiet dêr op dit stuit dat it hjoed 11 july is, de side fan de wike en it plaatsje fan de wike fan ferline wike en ''Hjoed, 11 july, yn de skiednis'' ([https://archive.vn/gxRCp kepp]). Dat klopt fansels net. [[User:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach]], dit liket jo ôfdieling te wêzen. Wat giet hjir mis? [[User:Wutsje|Wutsje]] 14 jul 2020, 20.35 (CEST)
:{{Ping|Wutsje}} Goeie. Wat giet dêr mis? freegje jo. Koart antwurd: wit ik net. Ik haw wol in pear fermoedens. (Eefkes tuskentroch: ik doch de siden fan 'e wike, mar fan 'e rest fan 'e haadside bleau ik safolle mooglik ôf om't ik der eins gjin ferstân fan haw. Ein desimber set ik it âlde jier even hânmjittich oer nei it nije -- en ik haw ergens opskreaun hoe't dat ek al wer moat -- mar dat is it dan ek.) Mei 'as ip-er' bedoele jo, tink, as net-ynlogde? Dat haw ik yndie ek wolris (en dat is al jierren sa), dat er de âlde foarside fan ferline wike noch sjen lit. Op dit stuit is dat trouwens (ik haw it even checkt yn in oare browser) by my net sa. Ik tink dat it net sasear mei de webside as wol mei de browser cash fan jins kompjûter te krijen hat, dat dêr, sels as je dy leegje (want dat makket by my gjin merkber ferskil) dochs in al ynladeynladen ferzje fan 'e webside yn hingjen bliuwt. En wat ik jo no ferteld haw is mei-iens ek alles wat ik hjirfan wit. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 14 jul 2020, 20.50 (CEST)