Reinder Spriensma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 10:
It arrestearre Joadske pear dr. Abraham Simeon Jacobson (1879-1944), KNO-dokter, en Rosa Granaat (1888-1944), lid fan de famylje [[Jacobson]], is op 3 septimber 1944 nei [[Auschwitz (konsintraasjekamp)|Auschwitz]] deportearre en dêr fuortendaliks op 6 septimber fergast.
 
Spriensma waard fêstset yn it [[Hûs fan Bewar]] yn Grins. Op 21 augustus 1944 waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp [[Kamp Vught]] yn [[Noard-Brabân]]. Lang hat er dêr net west. Na [[Mâle Tiisdei]], 5 septimber 1944, waard de oare dei it kamp al ûntromme. De froulju waarden nei it frouljuskamp [[Ravensbrück]] brocht. De manlju, ek Reinder, waarden dy dei mei de trein op transport set nei [[Oranienburg (konsintraasjekamp)|Oranienburg]]. Hy moast oan 't wurk yn kamp [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]] bij [[Berlyn]]. Begjin jannewaris 1945 krige er in swiere longûntstekking. Dy waard him fataal. Syn stoflik omskot is kremearre yn it kamp. Reinder Spriensma wie doe 26 jier. Hy liet in jonge húshâlding mei twa lytse bern efter; syn foru wie die swier fan harren tredde.
 
Reinder Spriensma waard postúm it [[Fersetsbetinkingskrús]] (VHK) takend.