Paulette Goddard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ynfoboks, red.
L st
Rigel 24:
Goddard ferfear nei Hollywood yn [[1929]], doe't hja in kontrakt krige by Hal Roach Studios. Sy wie yn [[koarte film]]s te sjen neist [[Laurel & Hardy]]. By Samuel Goldwyn Productions krige se mear serieuze rollen tabedield en wie se te sjen neist aktrises as [[Betty Grable]], [[Lucille Ball]] en [[Jane Wyman]].
 
Yn [[1932]] moete Goddard [[Charlie Chaplin]] en krige in ferhâlding mei him. Chaplin kocht Goddard har kontrakt by Hal Roach Studios op, sadat sy foar him oan 't wurk koe. Yn [[1936]] die sy mei oan ''Modern Times'', neist Chaplin. Hoewol't Chaplin yn syn [[autobiografy]] skreau dat sy yn Kwomintang ([[Sina]]) trouden, yn 1936, hat dat nea legaal west. Sy gienen út elkoar yn [[1942]]. Chaplin waard it iens mei Goddard der gjin opskuor oer te meitsjen.
 
Goddard waard hieltyd mear bekend. Yn [[1939]] die se mei oan ''The Woman'' mei [[Norma Shearer]], [[Joan Crawford]] en [[Rosalind Russell]]. By it meitsjen fan dy film waard oerwoegen om Goddard foar de rol fan Scarlett O'Hara yn ''Gone with the Wind'' te freegjen.