Ryksstrjitwei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
 
Rigel 6:
Nei de sintralisaasje fan it lânsbestjoer oan it begjin fan de [[19e iuw]] waard úteinset mei de oanlis fan in stelsel fan ryksstrjitwegen, dy't troch it Ryk finansierre waarden. Dat begûn al yn de [[Frânske tiid]] (de ''routes impériales''), net allinnich yn Nederlân, mar yn hiel, troch de Frânsken ferôvere, Jeropa.
 
De oanlis fan ferhurde diken waard fuortset ûnder [[Willem I fan de Nederlannen|Kening Willem I]] (1815-1840). Oan'tOant dy tiid wiene de ynterlokale en ynterregionale diken meast ûnferhurde. Sadwaande wie it [[trekskip]] in gaadlik (en noflik) ferfiersalternatyf. Al yn 1814 wie der in plan foar 26 wegen op kosten fan it Ryk; yn 1816 wiene dat al 31 wegen. Yn 1821 waarden de rykswegen yndield, 9 rykswegen 1e klasse en 33 rykswegen 2e klasse. It hat lang duorre ear't it ferfier oer de wei, alteast yn kriten mei in soad wetterwegen, serieus konkurrearje koe mei it skip en it trekskip. Faaks kin dêrom it oanlizzen fan in Rykswegenet ek sjoen wurde as in stâl jaan oan it nije sintrale gesach en it befoarderjen fan it naasjegefoel.<ref>{{Aut|Woud, Auke van der}}, ''Het lege land. De ruimtelijke orde van Nederland 1798-1848''. Side 164-165.</ref>
[[File:Ligging van boerderij in zijn omgeving - Glimmen - 20534662 - RCE.jpg|thumb|250px|Eardere ryksstrjitwei yn, tusken Grins en Assen, no oerdroegen oan de gemeente]]
De oanlis fan befluorre wegen barde benammen yn kriten dêr't genôch rendemint ferwachte wurde koe, dat yn gebieten mei in protte hannel en yndustry. Ek wichtige rûtes nei it bûtenlân waarden ferhurde, bygelyks diken troch [[Oerisel]] nei [[Dútslân]]. De tinbefolke earmere sângrûnen waarden earst letter ûntsletten. [[Drinte]] hie bygelyks yn 1864 70 meter ferhurde wei de 100 ha., yn [[Noard-Brabân]] 160 meter de 100 ha., wylst yn oare provinsjes al mear as 200 meter ferhurde wei de 100 ha. oanlein wie yn dat jier.