Paul von Hindenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 14:
==As Rykspresidint fan de Weimarrepublyk==
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-S38324, Tag von Potsdam, Adolf Hitler, Paul v. Hindenburg.jpg|thumb|Hitler en Von Hindenburg op de [[Dei fan Potsdam]]]]
Yn [[1925]] ferstoar Rykspresidint [[Friedrich Ebert]]. By de ferkiezing fan in opfolger helle net ien kandidaat de absolute mearderheid yn de earste stimgong. Yn de twadde stimgong stelde Hindenburg, lykwols tsjin syn sin yn mar oantrúnd troch in soad konservativen, himsels kandidaat en wûn mei in romme mearderheid. Der wie ynearsten in soad twivel oft in antydemokratysk-gesinde ealman, dy't leafst de monargy wer werom hawwe woe, wol in goede presidint foar de earste demokratyske Dútske republyk wêze soe. De [[Weimarrepublyk]] wie in steat dêr't de polityk troch de [[Rykskânselier]] en it kabinet formulearre waarden. Hy moast yndie neat fan de demokrasy hawwe, mar hy swarde de eed op de [[grûnwet fan Weimar]] en hold him der ek oan. Tsjin de ferwachtings yn wie de âld-generaal in poerbêst haad fan de steat. Oan 'e ein fan syn sânjierrige termyn, doe't syn lea en geastlike krêft minder waarden, liet er himsels dochs wer oerhelje en stel himsels fannijs kandidaat. In soad fan syn efterban wiene nuodlik foar de oare kandidaat: de [[Nasjonaalsosjalisme|nasjonaalsojalistyske]] lieder [[Adolf Hitler]]. Von Hindenburg wûn dizze ferkiezing mei 51 prosint tsjin 36 prosint foar Hitler.<br/>
De politike ferdieldheid yn it lân waard hieltyd slimmer. De ''[[kamarilla]]'', dy't bestie út syn siktaris dr.[[Otto Meissner]], âld-kânselier [[Franz von Papen]] en syn soan Oskar, trúnde Hindenburg oan om Hitler te beneamen ta Rykskânselier. Dat woene hja út eigen belang, om't se tochten dat Hitler in boadskipjonge foar harren wêze koe. Von Hindenburg moast eins neat fan de 'Boheemske korporaal' hawwe. Nei twa koarte kabinetten beneamde Von Hindenburg Hitler op 30 jannewaris 1933 by einbeslút dochs ta Rykskânselier as opfolger fan [[Kurt von Scleicher]].
Wêrom't er ynienen wol oergie ta it beneamen fan Hitler bliuwt in fraach. Faaks waard syn [[demintens]], dêr't er al in skoft lêst fan hie, hieltyd slimmer. Hy wist net altyd mear wêr't er wie of wat der geande wie. Syn soan wie belutsen by in tal skandalen, bygelyks it ''[[Osthilfeskandaal]]'' en Von Hindenburg wist der faaks neat fanôf. Hitler koe dwaan en litte wat er woe. Nei de [[Ryksdeibrân]] en de [[Nacht fan de Lange Messen]] lokwinske Von Hindenburg Hitler mei it hurde oanpakkenen fan de 'ûnwinske eleminten'. De doe 85-jierrige âlde presidint wist faaks net iens wat der geande wie.
 
==Ferstjerren==
Op 2 augustus 1934 ferstoar Paul von Hindenburg op [[Ogrodzieniec (Ermlân-Mazurje)|Gut Neudeck]] by [[Kisielice|Freystadt yn West-Prusen]] (Regierungsbezirk West-Prusen) yn de eardere provinsje [[East-Prusen]]. Hy wie dy simmers al slim siik. Doe't Hitler him opsocht neamde er Hitler 'Majesteit' ûnder de tins dat de keizer foar him stie. Neffens famyljeleden koe er nimmen mear werom en wiene syn lêste wurden: 'Myn keizer...myn Dútske heitelân'. Hy wie 86 jier âld. Hy waard mei in grutte plechtichheid te hôf brocht yn it [[Tannenbergmonumint]] by [[Olsztynek|Hohenstein]]. Om tefoaren te kommen dat de stoflike omskotten fan Von Hindenburg en syn frou yn hannen fan it [[Reade Leger]] falle soene, waarden hja mei de [[kruser]] [[Emden (kruser)|Emden]] nei it westen fan Dútslân brocht. Oan 'e ein fan de kriich waarden de stoflike resten troch Amerikaanske troepen fûn yn in sâltmyn yn Tueringen. Yn augustus 1946 waarden hja bysetten yn de [[Elisabethkirche]] yn [[Marburg]]. It Tannenbergmonumint yn East-Prusen wie ûnderwylst ferneatige troch it Reade Leger.
 
==Nijsgjirrich==