Blues: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
L st
Rigel 2:
'''Blues''' is in fokale en ynstrumintale [[muzyk]]foarm dy't ûntwikkele is út de [[Afrikaansk Amearikaansk]]e [[Work Song|work song's]]. Blues hat in grutte ynfloed hân op lettere populêre muzyk, sawol yn Amearika as dêr bûten. De ynfloed fan Blues is werom te finen yn [[jazz]], [[rhythm and blues]], [[rock and roll]] likegoed as yn de konvinsjonele [[popmuzyk]] en sels yn moderne [[klassike muzyk]].
 
De [[Delta blues|betide plattelâns blues]] ûntstie oan 'e ein fan 19e, begjin 20e iuw yn de súdlike steaten fan de [[Feriene Steaten]]. Der waarden ienfâldige ynstruminten brûkt, benammen de [[steelstring gitaar|akoestyske gitaar]], [[piano]] en de [[mûlharp]]. De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer en [[Bluesskema's|skema's]], mar de [[tolve maats blues|12-maats]] en [[acht maats blues|8-maats blues]] oerhearsken.
 
[[W.C. Handy]] wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe wêrfan [[The Saint Louis Blues]] faaks de bekendste is.