Erich Maria Remarque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 17:
Remarque syn folgende roman, ''Drei Kamerade'', bestrykt de jierren fan de [[Weimarrepublyk]], fan de hyperynflaasje fan 1923 oant de ein fan dat desennium. Remarque syn fjirde roman, ''Flotsam'' (Dútsk: ''Liebe deinen Nächsten,''), ferskynde earst oerset yn it Ingelsk, yn in rige yn ''Collier's'' magazine yn 1939; nei redaksje fan Remarque kaam it yn 1941 as boek út, yn it Ingelsk en Dútsk. De roman ''Arch of Triumph'', útbrocht yn 1945 yn Ingelske oersetting en yn 1946 yn it Dútsk as ''Arc de Triomphe'', waard wer in ''bestseller'' dêr't sa'n fiif miljoen fan ferkocht waarden yn de wrâld.
 
Yn 1948 gie Remarque werom nei Switserlân, dêr't er oant de ein fan syn dagen bliuwe soe. Sân jier bleau it stil om Remarque hinne, tusken ''Arch of Triumph'' en syn nij boek, ''The Spark of Life (Der Funke Leben)'', dat yn 't Ingelsk en Dútsk ferskynde yn 1952. Doe't er noch mei ''The Spark of Life'' oan 'e gong wie, wurke Remarque ek oan in roman titele, ''Zeit zu leben und Zeit zu sterben''. It boek ferskynde earst yn Ingelân (1954) ûnder de net sa sekuer fertaalde titel ''A Time to Love and a Time to Die''. Yn 1958 wie [[Douglas Sirk]] regisseur fan de film ''A Time to Love and a Time to Die'', basearre op Remarque syn roman. Remarque hie in lytse rol as professor yn de film.
 
Yn 1955 skreau Remarque it draaiboek foar de Eastenrykske film ''The Last Act (Der letzte Akt)'', oer Hitler syn lêste dagen yn de [[Führerbunker|bunker]] fan de [[Rykskaneselarij]] yn Berlyn; de film wie basearre op it boek ''Ten Days to Die'' (1950) fan [[Michael Musmanno]]. 1956 folge in toanielstik, ''Die letzte Station'', dat it goed die in Dútslân en op Broadway. ''Die Nacht von Lissabon'' (1962) wie it lêste wurk dat Remarque ôfmakke. Der waarden 900.000 fan ferkocht yn Dútslân, mar dêrbûten foel de ferkeap ek net ôf.