Skelte à Bolswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 2:
 
==Biografy==
Schelte Adamssoan Bolswert is berne yn 1586 en giet letter mei syn broer Boëtius nei Hollân ta, dêr’t se har beide it gravearjen eigen meitsje. Yn 1617 wurkje se beide foar de boekdrukkerij [[Plantijn]] yn [[Antwerpen]]. In wichtich feit is dat op it momint dat de bruorren Bolswert dêr wurken, [[Balthasar I Moretus]] de lieding hat oer de boekdrukkerij. Fan krusiaal belang is de freonskip tusken Moretus en [[Peter Paul Rubens|Rubens]]. De útjouwerij spilet in tige wichtige rol yn de fersprieding fan de [[gravuere]]s en de printen, dat Rubens hie der alle baat by om goede relaasjes mei Moretus en de útjouwerij te ûnderhâlden. It leit dan ek yn de reden dat Rubens hjir de bruorren opmerkt hat, dy’t oars echte keunstners wienen as se oan de slach gienen mei de buryn en dêrmei in grutte status berikt hiene. Yn 1624 wol Rubens de bruorren oannimme om yn syn atelier oan 'e gong te gean. Boëtius giet hjirop yn, mar Schelte hâldt de boat noch efkes ôf oant syn broer stjert yn 1633. De fraach kin steld wurde wêrom’t no ynienen harren wegen skiede. It is gjin geheim dat Schelte op technysk flak in gruttere master blykte te wêzen as Boëtius, mar it wie wol Boëtius dy’t derfoar soarge hie dat Schelte him it gravearskip eigen makke. Boëtius hie ommers de basisoplieding fan Schelte op him nomd. It befêstiget it feit dat Rubens iderkear mar ien graveur oannomd , hoewol’t de boarnen elkoar dêroer tsjinsprekke. Sa sil Paulus Pontius tagelyk mei Boëtius yn tsjinst komme by Rubens. Wylst krijt Schelte yn 1625 it frijmasterskip oan de [[Sint-Lucasgilde]] en fêstiget him definityf yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]].
 
== Bolswert yn it Rubensatelier ==