Franz Schubert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 24:
Op seker stuit wie Schubert sa ûnferstannich en ferkeapje alle eigendomsrjochten foar 800 gûne oan de útjouwer dy't de administraasje fan syn lieten fersoarge, wylst it de foargeande twa jier 2000 gûne opsmiten hie. Schubert waard slim siik ([[syfilis]]?) troch it feit dat er, ûnder ynfloed fan syn freon Schober, en út wanhope oer syn tsjinslaggen, nei publike froulju ta gie. Ut dy tiid stammet syn 'Rosamunde' muzyk en de lietesyklus 'Die schöne Müllerin'. It measte dêrfan hat er yn it sikehûs skreaun.
 
Yn 1824 hierde Schubert foar it earst yn syn libben in eigen keamer, dêr't er noch mear jildkrapte troch krige. Yn 1825 waard him wurk as twadde hoforganist oanbean, mar hy wegere: 'De steat moat my ûnderhâlde, sadat ik frij en soarchleas komponearje kin' fûn er. Faaks wie er doe te skruten om proefspylje te doaren, want in jier letter sollisitearre nei in baan as hofkapelmaster - lykwols om 'e nocht. Wol waard der no regelmjittich wurk fan him printe, mar tsjin in fierstente lege priis.
 
Yn 1827 kaam it plak fan kapelmaster oan it Kärtnertorteater frij. Schubert sollisitearre wer, mar troch yntriges mislearre dat op'en nij.