Sistersjinzers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 18:
 
== Trappisten ==
Ofskieden fan de sistersjinzers binne de [[trappisten]] - se libje neffens de strangere regel, de saneamde strikte observânsje, en foarmje in selsstannige oarder. Ek yn de sistersjinzer oarder kaam it sa stadichoan wer ta in stranger libben en in útwurke spiritualiteit. De beneaming trappisten is ôflieden fan it Frânske kleaster [[abdij Notre Dame de la Grande Trappe|La Trappe]] dêr't abt [[Jean de Rancé|Armand Jean le Bouthillier de Rancé]] yn [[1664]] strange regels ynstelde dy't op oare plakken neifolging krigen. Yn [[1892]] is foar de lêste kear besocht om sistersjinzers en trappisten wer yn ien oarder te ferienjen, mar om 'e nocht. In de [[Lege Lannen]] hawwe de trappisten de sistersjinzers benefterlitten. Neist fiif trappistenkleasters ([[Berkel-Enschot]], [[Sundert (plak)|Sundert]], [[Diepenveen]], [[Echt (Limburch)|Echt]] en [[Tegelen]]) is der yn Nederlân mar ien sistersjinzerabdij, [[abdij Mariënkroon]] yn [[Nieuwkuijk]].
Frij bekend is ek de Belgyske [[abdij fan Westmalle|trappisten-abdij fan Westmalle]].